Prachtjûn mei Erik Hulzebosch

Tongersdei 23 novimber wie it wer safier. De jierlikse gearkomste fan iisclub ‘de IJlster schaats’. Dit jier siet der in útnoeging by it Kypmantsje yn. Fansels ek omdat we in sprekker fan formaat hiene! Foar it skoft de gebrûklike agindapunten; werûnder it ferslach fan de penningmeester, de kaskommisje en de bestjoersferkiezing. Jacob Stienstra waard mei ynstemming fan de leden herkeazen as foarsitter en is no mei syn lêste termyn begien. Nei it skoft kaam Erik Hulzebosch oan it wurd. Hy hie al efkes nei ús lústere en kaam fuortendaliks binnen mei de opmerking fan: ‘ ja, kon er nie veul van verstoan maor jullie heb’n dan ok in taal en wy ’n dialect’. En yn dat Sallandse dialect hat er de hele jûn sprutsen. En hoe.. Doe’t hy alle houtsjes  yn de Stadsherberg hingjen seach hie der al wat fan: ‘goh, leeft dat hier nou nog so? dat schaatsen? by ons nie hoar.. ‘

Hy hat besocht om ús te fertellen hoe’t it komt dat je je hiele libben tinke fan:’ik wil die elfsted’tocht nog’es winn’n’.  Erik wie de ien nei jongste fan in gesin fan 6 bern. Syn heit hie in boubedriuw; hy kaam dus út in ûndernimmend gesin en it ‘learnivo’ wie net echt heech. Syn broer Wim, de op ien nei âldste, hie it measte leard. Dy hie waarachtich de LTS ôfmakke! Erik sels bleau al yn de 1e klasse fan de legere skoalle sitten; der baalde hy behoarlik fan want hy tocht dat er dan 6 wike op skoalle bliuwe moast yn de simmerfakânsje. Gelokkich wie dat net sa, dus dat foel mei. Nei de legere skoalle gie er nei de LTS, dit koe ek neat wurde en hy moast nei de ITO (spesjaal ûnderwiis) Mar hoe spesjaal dan? No, lytsere klassen, mear oandacht en .. hy waard yn in buske ophelle! Ek dit duorre net lang. Hy fielde him der net thús en woe der net mear hinne. Sa kaam it dat Erik, 14 jier âld, frij wie! Net mear nei skoalle. Mar ja, at je net mear op skoalle sieten yn dat gesin, dan waard der wól ferwachte dat je kostjild betellen. Dus: op de fyts kranten rûnbringe!  Doe’t it nijs fan de kommende âlve-stêde tocht fan ’85 yn de kranten brocht waard, frege Erik oan syn heit: ‘Wat is dat eig’nlik, die elfsted’ntocht?’ Erik syn heit lei it út en sei der by dat at je sa’n tocht folbringe woenen, dat je dan as karaktereigenskippen seker beskikke moasten oer disipline en mentaliteit, oars kamen je der net! No, dat wie foar de jonge Erik it moment om sjen te litten wat er koe en dat hy der ek oer beskikte. Hy hie gjin redens, koe mar kwalik ride en ja, hy wie ek noch mar 14 jier. Mar dêr kaam in oplossing foar. Hy koe wol op heit syn redens (4 maten te grut..) en hy koe wol op de kaart fan broer Wim(die wie wol 18) Dus sa gyng Erik mei de trein nei Ljouwert. En..hy hat it helle! Erik liet in krante-artikel sjen op de beamer: “Erik Hulzebosch, 14 jaar, rijdt 11-stedentocht”. Oars hienen we it net leaud! Wat in prestaasje! En mei dit krante artikel begûn it. Hy waard huldige en krige in soad media  oandacht. Dat smakke nei mear en sa begûn Erik. Hy kocht nije redens, gyng op les, trainde, fietste, helle boeken oer reedriden en oer hoe’t je sûn libje moasten. Hy krige it firus te pakken!

Syn heit gie altyd mei nei de wedstriden, mar nei 3 jier, hie dy syn nocht. Hy hie net it idee dat Erik genôch syn bêst die. Hy wûn noait, hy demarreerde ek noait ensfh.

Doe kaam de alternatieven 11stêdetocht op de Plahnsee. Erik wist syn heit oer te heljen om noch ien kear mei him mei te gean (want ja, hoe moast hy der oars ek komme?)  En ja hear, hy wûn. Hy wie wol he-le-maal kapot; hy hie de lêste ronden riden yn de lijte fan de motor dy’t ferslach die, hy wist net mear hoe’t er oer de finish kommen wie, mar hy wie Winner! Hy waard troch Mart Smeets ynterviewt en spruts ek doe syn eigen streektaal. Mart woe op in gegeven moment de mikrofoan fan him ôfpakke omdat er Erik net ferstie. Nou, sei Erik, das jou probleem, ik ferstao jou wel!

Fan doe ôf siet Erik yn allerhande programma’s op tillevyzje en waard lanlik bekend! Sponsors krigen ynterresse yn him. En ja, dan moat je ûnderhandelje. Hy frege syn heit om goeie rie. Wat kost dat, wat bin je wurdich; je moat jesels ferkeapje. No, yn de rin fan jierren learde Erik dat wol. Sa fertelde hy noch in prachtferhaal oer de sponsoring fan de 11stêdetocht fan ’97. Syn pak siet eins al fol mei reklame fan sponsoren. Doe kaam der op de deis foar de tocht in auto mei it RedBull logo derop by hun foar riden. Syn mem sei: ‘da’s vast voor de buur’n want daar he se koei’n’. Mar it wie foar Erik. Se woenen ek by Erik op it pak. Mar ja, dat pak siet al fol! It gyng mar om ien stikkerke.’Nou, dan sou’t op myn handschoen mutte’ f 25.000,= brocht dat op. ‘En op welke handschoen dan?’ de sponsor: ‘op beide natuurlijk’. ‘Nou dat kost dan f 50.000,=’ !! Nei dy âlvestêdetocht, wer’t er dus 2e waard, stie Erik syn libben op de kop. Hy hie gjin diploma’s en niks, dus hy naam in manager, om der ek noch wat mei te fertsjinjen. Hy tocht earst fan: ‘over ’n maand zijn ze me’allemaal weer vergeet’n’  mar niks blykte minder wier. Fan it ien kaam it oar: ‘Erik, kun je ook zingen?’  En ja, sa krige hy in hit mei’ Hulzebosch Hulzebosch’ (mei Fokko Dam) en noch mear hits. Hy hat op in gegeven momint wol 385 sangoptredens dien yn 1 jier! It rûn he-le-maal út’e klauwen. Yn 2007 wûn hy ‘So you wanne be a Popstar’. Yntusken siet hy by de Entertainment group; helaas gyng die fallyt en Erik gyng mei it skip yn. Doe’t er der wer wat boppe op wie kocht hy it merk ‘Maple’ (dizze noaren moast hy altyd teste) It duorre best wol lang foardat dit in súkses waard; pas doe’t Shauni Davis op redens fan dit merk Olympysk kampioen waard, begûn it te rinnen mei de ferkeap. In oantal jierren lyn hat er dit bedriuw wer ferkocht. Yn 2010 hat Erik syn lêste wedstyd riden.  Dat wie it ferhaal fan Erik en doe koenen der noch fragen steld wurde troch it publyk. Jacob bedankte Erik en dy krige in hearlike sûkerbôle mei fan de echte bakker en fansels in slúfke mei ynhâld. Wat hjirby noch fermelden wurde moat is dat it bedrach wat Erik hjirfoar krigen hat, bestemd is foar it Foppefonds. It Foppefonds set him yn foar bern wer’t sporten net fanselssprekkend is fanwege in lichamelijke of ferstanlike beperking of omdat hun âlders troch finansjele omstannichheden harren bern net sporte kinne litte. Dermei kaam der in ein oan in prachtjûn!