Drylts 19 feb 2012:
It hat úteinliks mar oardel wike duorre, mar o, wat ha we der allegear wer fan genoaten !
It bestjoer fan de iisklub wie ein jannewaris noch byelkoar om te bepraten at we dit jier ek mei de jeugd nei it Thialf moasten, yn ferbân mei it útbliuwen fan de winter. In goeie wike letter stiene we op woansdeitejûn, 1 febrewaris, op de iisbaan; om it ‘wynwak’ ôf te setten. Op tongersdei 2 febrewaris koe de baan iepen ! Dochs noch in winterke; koek en zopie ynkeapje en fansels, wat organisearje. Op sneon 4 febrewaris de middeis wie der prikslydzjen. Oankundige troch hiel Drylts mei in pear grutte lûdsboksen, fan eardere tiden. In soad dielname, omrop Fryslân derby, prachtich waar, it koe net moaier.
Fierders wiene der moandeitemiddeis, 6 febrewaris, wedstriden foar de boppebou fan de skoallen. Dyselde jûns wiene der in ‘langebaanafvalrace’ en ek hjir diene al mei al ek wer sa’n 40 man oan mei. Der wie in race foar jeugd en foar grut. In fûle striid waard der levere.
De tiisdeis wie der foar de ûnderbou fan de skoallen in ‘âlvestêdetocht’ op de iisbaan.
Rûnom de drokte fan, giet de echte âlvestêdetocht no al as net troch, ha wy de koppen wer byelkoar stutsen en besluten dat we, nei 15 jier (!) de ‘Ronde van IJlst’ wer organisearje woene. De âlvestêde- en âlvemarretocht waarden ôfblaasd, mar de ‘Ronde van IJlst’ gie troch!
De banen wiene faaid, de hokjes ynelkoar setten, flagen derby, fergunning oanfrege, frijwilligers en EHBO frege, medailles en stempel kaarten regele en gean sa mar troch.
Sneon, 11 febrewaris, wie’t safier. It koe net moaier. It waar wie geweldich, de sfear fantastysk. Goed 400 minsken, lyts en grut, ha mei dien. In prachtich rûntsje fan 15 km koe ien , twa as trije kear riden wurde. Der wiene dy deis in bulte minsken op it iis. Net te leauwen. Gelokkich hiene wy de deis de EHBO derby. Dy ha der ferskeidene kearen op út west om minsken dy’t ferwûne wiene te helpen; dit wienen gjin dielnimmers fan ús tocht, mar dat makket neat út. Help wie gau te plak ! In komplimint wurdich ! Mar ek kompliminten oan de iiswege sintrale en oan alle frijwilligers dy’t ús holpen ha om it ‘rûntsje fan Drylts’ mooglik te meitsjen. Tige, tige tank.
Wolle jim foto’s sjen fan de ferskate eveneminten ? Sjoch dan op by de foto’s.
Mar jim kinne ús no ek folgje op Facebook !
Fierders binne der wer in hiel soad dingen brocht yn it iisbaanhokje:
1 pear berne learskes maat 28
4 pear wanten
1 ski-want
1 pearse mûtse
1 pearse sjaal
1 grize wokkelsjaal
1 hoes foar klapredens
1 swarte tas (Sigikid)
De spullen binne op Ylostinsleane 13 ( tel. 0515532236)
Dus minsken dy’t wat misse kinne it hjir ophelje.
Út namme fan it bestjoer, Ykje Wiersma
Comments are closed.