Jiergearkomste “De ijlster Schaats” op 24-11-2011

In ekstra feestlike jiergearkomste,omdat de iisklup dit jier 140 jier bestiet ! De seal wie feestlik fersierd en fansels in stikje muzyk ûntbruts net. As gewoanlik iepene foarsitter Gerrit de Jong de fergadering mei ien fan syn sels skreaune ferhalen. Dit jier net ien dy’t al lang lyn bard wie. Nee, it gyng oer de ôfrûne winter en oer de winter waarme jassen dy’t doe oanskaft binne.

It wie suver in lyts toanielstikje en op’t lêst waarden de jassen sels noch showed oan de goed besette seal mei minsken. Hjirmei siet de stimming der fuortendaliks goed yn. De notulen fan de ledegearkomste fan foarich jier leinen op tafel en doe waard it ferslach foarlêzen fan de winter 2010/2011. Begjin desimber koe der al riden wurde op de iisbaan, en dit duorre oant begjin jannewaris 2011. Under barre waars- omstannichheden waard op 4 desimber 2010 in prikslidewedstryd holden. It wie in grut súkses mei in soad dielnimmers.

panoramaprikslee

Ek de koartebaanwedstryd op 24 desimber fan dyselde moanne wie in spannende striid. Jim ha dit lêze kinnen yn de Kypmantsjes fan doe.
Dernei it ferslach fan de penningmeester. Gelokkich binne der wat reserves opboud, want by de meidielings hie de foarsitter al bekend makke dat der plannen binne om it iisbaanhokje wat grutter te meitsjen. Sa moat der eins in w.c. komme en in aparte romte foar de snieskower. De tekeningen hjirfan koene besjoen wurde. Doe wie it ta oan de bestjoersferkiezings. De nije kandidaten, Rinze Jilles Nauta en Cees Zijsling, waarden wolkom hjitten en doe wie it ta oan it ôfskied nimmen fan foarsitter Gerrit de Jong en algemien bestjoerslid Jan van der Woude. De nije foarsitter, Jacob Stienstra, stuts de beide mannen in fear yn’e kont. Gerrit hat him wol 25 jier en Jan wol 30 jier lang ynsetten foar de iisklup. No, it bestjoer fûn dat se hjirfoar wol in ûnderskieding fertsjinnen.

 

foto1

 

 

 

 

 

 

Dy ha se krigen yn de foarm fan in sulveren en gouden houtsje. Immen dy’t ek al in soad goud en sulver fertsjinne hie, hat dit útrikt. Dit wie de ús allegear bekende Ids Postma. Hy ûnderstreke nochris it belang fan dit soarte frijwilligers. Sokke minsken meitsje it mooglik dat jonge bern fertroud ride kinne op iisbanen en hjir mei it ‘firus’ besmet reitsje om, krekt as him, fierder te gean mei reedriden en soms sels kampioen te wurden! Fansels wiene der noch mear kado’s. Ien derfan wie spesjaal: der is in lyts boekje makke mei de ferhalen wêr’t Gerrit de ôfrûne jierren altyd de gearkomsten mei iepene. Elk fan de oanwêzigen krige hjirfan in eksimplaar mei nei hûs.

2011-11-24_ledefergadering-003

 

 

 

 

 

 

Ek de froulju fan Gerrit en Jan waarden net fergetten en krigen blommen oanbean.

2011-11-24_ledefergadering-002

 

 

 

 

 

 

Nei dit memorabele ôfskied wie it ta oan muzyk fan Bauke van der Woude, Campell Forbes en John Eskens. Wat ha se prachtich spile! Harren ferskes wiene spesjaal ôfstimd op de winterske sfear.

2011-11-24_ledefergadering-001

 

 

 

 

 

 

Tuskentiden ha Rinke Schilstra, Jan van der Wal en Jan van der Woude nijsgjirrige ferhaaltsjes ferteld (en sjen litten) oer it bestean fan de 140 jierrige feriening.

It wie al mei al wer in prachtige jûn!
Wolle jim mear lêze oer de iisklub of foto’s besjen?
Sjoch dan op ús webside: www.ijlsterschaats.nl

Noch inkele foto’s.

2011-11-24_ledefergadering-004

 

 

 

 

 

 

Ida Feenstra hat in koffer by har, hjir sitte de boekjes yn wêr’t de ferhalen fan de foarsitter yn optekene binne.

2011-11-24_ledefergadering-006
 

 

Jan van der Woude docht ek noch in bedankwurdsje.