Jierferslach 2010-2011

Nei de jiergearkomste fan 25 novimber 2010 duorre it wer net lang foardat der riden wurden koe. Op 30 novimber wie it raak en koe der alwer riden wurde. Omdat je fansels noait witte hoelang at it winter bliuwt ha we fuort en daliks mar in wedstrydsje prikslydzjen organiseart.

Dit fûn plak op sneon 4 desimber.
It wiene dy deis barre waarsomstandichheden; It wie dus foar de echte trochsetters! Oant middeis 1 oere foel der noch in fiks pak snie. Dernei is mei man en macht wurke om de baan skjin te krijen. In pracht gesicht. Grut en lyts, mei snieskowers. Doe’t it úteinlik 3 oere wie, koenen we los. Der wiene 26 bern dy’t har opjûn hiene, 10 froulju en 10 manlju. Omdat it al mei al nochal in skoft duorre hie en fansels glûpende kâld, wienen der al wat manlju ôfdrost. De winners krigen allegear in aardichheidsje mei yn de foarm fan in rollade, in speculaasstaaf, Drytser Houtsje en foar de bern: drop as sûkeladeletter. De measte dielnimmers hiene fansels noch nea oan it priksyldzjen west mar elk dy’t mei die fûn it machtich. Ek it bestjoer fan de iisklup krige wurdearring foar de organisaasje!

De winter hold oan ! En doe fûnen de snieskowers dat der jassen komme moasten. It is fansels in goed ding om herkenbere jassen oan te hawwen en se moatte tige waarm wêze, want it is in kâld putsje, dy baan skjin faaie. Elk wie it hjirmei iens en sa wie der wer in hotline om derút te kommen hokker jassen it wurde moasten. Úteinlik is der in kar makke en moast it logo fan de iisclub der noch op. Se binne brûkt by de wedstriden en we hoopje fansels dat se ek yn de kommende winters noch in soad brûkt wurde sille.

Der koe noch krekt net op it bûtewetter riden wurde dus fandêr dat it bestjoer de koppen wer byelkoar stuts en in kortebaanwedstryd organisearre. Freed 24 desimber l.l. wie it safier! By de jeugd oant 12 jier wiene der 10 bern dy’t meidiene. By de jeugd fanôf 12 jier wiene 14 dielnimmers. Dizzen moasten allegear it traject foar de wyn ride en ek nochris tsjin de wyn yn. Ek by dizze fanatike ploech waard alles út’e kast helle om sa heech mooglik te eindigjen. Alle dielnimmers krigen koek en zopie en de priiswinners krigen jildprizen. It wie wer in tige slagge middei!

Yn jannewaris fan dit jier koe der noch in wykje riden wurde mar 5 jannewaris waard it taaiwaar.

Op 26 jannewaris wie der wer in gearkomste fan it bestjoer hân.
Der moast neitocht wurde oer ferskate dingen bygelyks de ‘webside’ fan de iisklup, de besetting fan it iisbaanhokje tidens de froastperioades, nije bestjoersleden mar ek alwer oer allerhande klussen dy’t yn de maitiid wer gebeure moatte, lykas it fervjen fan it brechje, it meitsjen fan in kast yn it hokje en it pleatsen fan nije lûdsprekkers en gean sa mar troch.

Cor de Vries hjir út Drylts makket in ûntwerp foar in webside en de froulike bestjoersleden gean nei him ta om dit te besprekken. Yn april is der wer in gearkomste mei it hiele bestjoer wer’t ien en oar meielkoar bepraten wurdt. Jim kinne sjen hoe’t er wurden is. (beamer ?!)

Fierder wurdt der (wer) fierder praten oer it 140 jierrige bestean fan de iisklub en oer wat we hjiroan dwaan sille. In datum prikt foar in bestjoers uitje. Yn maaie meitsje de froulju it hokje wer skjin en en de mannen, Gerrit en Jan, gean oan de slach mei de klussen dyt der barre moatte. Letter dit jier, nei de simmer pleatse Jan en Gerrit noch in oanrjochtblokje, wat ergens oer wie, yn it hokje. No dat sil ús goed foldwaan, fan’t winter !

Op 1 july gean we mei de boat fan Jacob, dit kear nei Langwar. It waar wie net echt fêst mar al mei al treffe we it noch wol aardich. It is wer tige gesellich.

Dan is it efkes simmer stop mar begjin september lukt der alwer ien fan de bestjoersleden oan de belle: we moatte hast wer byelkoar komme!
Begjin september wurdt der in datum foar de jiergearkomste prikt en de ynfulling fan dizze jûn fêststeld. Bauke van der Woude wie al earder frege. Der wurde nije bestjoersleden frege. Ek wurdt der in plan op tafel goait om it hokje wat grutter te meitsjen. De plannen fan jeugdhonk/fierljepferieining foar in gesamelik hokje komme net fan de grûn en wy beslute om ús eigen plan te meitsjen. Jim ha hjir dizze jûn al wat oer heard.

Sa bin we wer in jier fierder. De baan leit wer ûnder wetter. De earste nachtfroast ha we alwer hân. De kontribúsjerinners ha de kaartsjes wer yn’e hûs en sommigen sille alwer op’n paad wêze. We bin ‘der wer klear foar !

Tankewol.