Drylts 1 nov 2013:
Freed, 1 novimber j.l. wie it safier! Under belangstelling fan ferskate sponsors, bestjoer en de frijwilligers dy’t aktyf meiholpen ha oan it realisearjen fan dizze útwreiding, waard it gebou fan iisklub “de IJlster Schaats” offisjeel iepene. Nei in wurdsje fan de foarsitter waard de iepeningshanneling dien troch it bestjoer fan de iisklub en bestie út it ûnthullen fan it tagongshek.
Dit tagongshek, sponsore en makke troch Cees Zijsling Techniek, en de letters útsnijd troch de Wettersnijer, wie it slútstik fan de ferbouwing c.q. útwreiding. It brechje dat jierrenlang de (offisjele) tagong wie nei de iisbaan waard der wei helle en is ferfongen troch in daam. De iisbaan is no better berikber en dit is foaral wichtich by eventuele kalamiteiten. It hokje sels is in meter as seis langer wurden. Yn dizze ekstra meters is in prachtige sanitêre foarsjenning kommen en in aparte romte foar de baanfaaier, de baanskowers en oar ‘ark en reau’ . Fansels is hjirtroch de romte wêr’t de reedriders efkes opwaarmje kinne no ek folle grutter. Dizze romte is as earste goed isolearre en doe betimmere mei prachtige planken dy’t troch houtseachmoune “de Rat” beskikber steld binne. Dit jout fuort al in hiele gesellige sfear. Fierders binne der ferwaarmings-eleminten ophongen en is it op’e nij ynrjochte mei allerhande skilderijen, redens en houtsjes, in ljochtbalke fan Nooitgedagt en oar spul dat ter beskikking steld is troch ferskate bedriuwen / minsken. Neidat foarich jier op 20 oktober it heechste punt berikt wie, is der dus fan binnen noch hiel wat wurk fersetten. Timmer- en ynstallaasje wurk, skilderwurk, oprêde en skjinmeitsje. As it ienkear klear is, dan mei’t gjin namme mear ha, mar hjir binne hiel wat oeren yn sitten gien. It bestjoer (en harren oanhang) hat sels ek net bepaald stil sitten, mar dochs wolle wy de âldbestjoersleden, Jan van der Woude en Gerrit de Jong, hjirby nochris tige tank sizze foar alle tiid dy’t sy yn dit projekt stutsen ha. Fansels hie de útwreiding ek net mooglik west sûnder de stipe fan in tal fan bedriuwen en ynstânsjes dy’t earne oars op dizze side neamd wurde. Ut namme fan it bestjoer: tige tank hjirfoar ! It is yn ien wurd prachtich wurden !
Ykje Wiersma, sekretaris iisklub “De IJlster Schaats”
Comments are closed.