Notulen algemiene ledefergadering 25 novimber 2010 yn it “Wapen van IJlst.”
Oanwêzich: ûngefear 30 leden en it bestjoer.
1. Iepening.
De foarsitter iepent de fergadering wernei wer in prachtich ferhaal oer in net al te goed slagge toertocht.
2. Ynkommen stikken en meidielingen.
– Der is in draaiboek makke troch Pieter Bult, hjir yn stiet alles oer de iisklup.
– Der is wer subsydzje oanfrege foar in middei foar de jeugd op Thialf.
– Der is drainage oanlein troch de Gemeente.
– Der komt in kontrakt foar it ferhier fan de iisbaan.
– De Gemeente sil de beammen lâns de iisbaan snoeie en kappe.
3. De notulen fan 2009.
– Der binne gjin fragen oer.
4. It jieroersjoch 2008/2009.
Ykje en Jacob presintearje in skitterjende power point oer it ôfrûne seizoen.
Foaral om de foto fan Gerrit dy’t it draaiboek oan de boargemaster oerhandicht, wurdt ôfgryslik lake.
5. Ferslach ponghâlder.
It oersjoch wurdt útdield.
6. Kaskommisje.
De kaskommisje Marc de Jong en Jan Mulder hawwe de kas kontrolearre en geane akkoard.
7. De kaskommisje foar 2011 bestiet út Jan Mulder en Tineke de Vries.
8. Bestjoersferkiezing:
Bouwe giet út it bestjoer.
Hy hat 9 jier ponghâlder west en eindicht mei in flink saldo!
Gerrit bedankt him foar syn soarchfâldige wurk en Bouwe krijt in winterboek en in grut applaus.
Ykje Wiersma is de nije ponghâlder.
Ronnie Planting wurdt keazen as nij bestjoerslid mar lit in dei letter witte hjir dochs mar fan ôf te sjen.
9. Rûnfraach:
– Is it mooglik dat de bûtenleden in acceptgiro krije i.p.f. de kontribúsje ophelje?
Dit kin wol, der wurdt oan wurke.
– Wat bart der mei it grutte saldo?
Ideeën binne wolkom.
– Kinne wy ek wat dwaan oan de lytse opkomst bij de jierfergadering?
Net elts fynt dat dit oars moat, mar der wurdt oer neitocht.
– Wat binne de plannen fan Drylts Houtstêd?
Foar safier bekend binne der noch gjin wizigingen foar de iisbaan.
10. Pauze.
11. Klaas Ybema, waarman, fertelt oer it waar fan froeger en no.
Hy fertelt tige ynteressante feiten en ferhalen oer it waar en al gau witte ek minsken út de seal noch syn ferhalen oan te foljen mei sterke stikken oer it waar.
Al mei al in tige slagge lêzing!
En ek it neisitten is dit jier wer tige slagge!
Ida Feenstra.
Comments are closed.